Fragen oer kantoaren CJIB

02 jul 2013 - 11:30
  • CJIB

It CDA hat keamerfragen steld oer de ynrjochting fan de kantoaren fan it CJIB yn Ljouwert. Twadde Keamerlid Oskam wol fan de minister fan Justysje witte oft it wier is dat de ynrjochting tige lúksueus west hat. Ek wol er witte hoe't him dat ferhâldt mei de besunigings dy't it ministearje trochfiere moat. Op de webside Geen Stijl binne foto's te sjen fan it boetekantoar yn de Marnixstate yn Ljouwert. De webside hat de saak oan it rôljen brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)