Fragen oer help pleechgesinnen

08 apr 2013 - 10:36
  • Der is yn Fryslân ferlet fan 100 pleechhúshâldings

De steatefraksjes fan PvdA, SP en FNP wolle dúdlikheid oer de begelieding dy't Jeugdhulp Fryslân jout oan pleechgesinnen. Ut petearen fan ferskate steateleden is nei foaren kaam dat der yn guon gefallen gjin help oan pleechgesinnen jûn wurdt, wylst Jeugdhulp Fryslân dêr wol jild foar krijt fan de provinsje.

PvdA, SP en FNP wolle witte om hoefolle gefallen en hokfoar bedragen it giet. De partijen freegje de provinsje om aksje, as yndie bliken docht dat de begelieding oan pleechgesinnen tekoart sjit.

Jeugdhulp Friesland seit fernuvere te wêzen oer de fragen fan de politike partijen. Jeugdhulp Friesland erkent dat der problemen west hawwe mei it begelieden fan pleechgesinnen, mar dat soe allinnich yn 2010 west hawwe. Yntusken binne de problemen oplost, seit direkteur behannelsaken Jeroen van Oijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)