Fragen oer grûnkwestje Reahel

20 jan 2012 - 11:52

De FNP yn provinsjale steaten stelt woansdei mooglik fragen oer de grûnkwestje yn Reahel. Tsien hûshâldens oan it Prinses Margrietkanaal hawwe in brief krige fan de provinsje. Se moatte alle jierren 200 oant 300 euro hier betelje foar in stripe grûn dy't se al oant 60 jier brûke. Guon hawwe der in steger makke of de grûn by de tún lutsen. Der sit in akseptgiro en de mooglikheid foar machtiging by it berjocht. Dêrom fiele de bewenners harren oerfallen.

De FNP fynt dat de kommunikaasje fan de provinsje net goed is.

De fraksje fynt dat de provinsje earst útlis jaan moat, en dan pas in brief stjoere kin mei in akseptgiro of in machtiging. Dêrtroch stiet de provinsje no al 'mei 1-0 efter', seit steatelid Jan Visser fan de FNP.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)