Fragen oer gaos Ajax-Cambuur

16 aug 2014 - 13:59
  • ME'ers stelle har op tsjinoer de Cambuur-supporters

De SP yn Amsterdam wol fan boargemaster en wethâlders útlis oer de rellen by de wedstryd Ajax-Cambuur yn maart. Dat meldt de Amsterdamse stjoerder AT5. De SP wol benammen witte wêrom it sa mis gean koe, dat ME-ers har pistoal lûke moasten.

Ek set de partij fraachtekens by it útstappen fan Cambuur-supporters by metrostasjon Strandvliet. Dy moasten dêrtroch lâns it supportershome fan Ajax om by de Arena te kommen. Uteinlik ûntstie der sa'n gaos by it stadion dat de Cambuurfans net mear nei de wedstryd mochten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)