Fragen oer Fryslân Marketing

12 okt 2012 - 00:19
  • It provinsjehûs yn Ljouwert

De steatefraksjes fan de PVV en VVD yn Fryslân wolle gau dúdlikheid fan de provinsje oer it gerommel by Fryslân Marketing. Dit promoasjebedriuw foar it toerisme yn Fryslân soe in tekoart ha fan twa ton. De problemen binne neffens de VVD ûntstien troch dat in subsydzje fan SNN, gearwurkingsferbân noard-Nederlân, fan rom fjouwer ton weromfoardere is. De PVV hie yn july al fragen steld oer de situaasje by Fryslân Marketing. De partij hat foar woansdei yn de steaten in ynterpellaasje oanfrege oer dizze saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)