Fragen oer fersmoarge grûn

04 apr 2005 - 17:21

De FNP-fraksje fan Ljouwert wol fan it kolleezje witte at by de oanlis fan de wyk Suderbuorren fersmoarge grûn brûkt is. De partij stelt dêr fragen oer yn de riedskommisje stedsûntjouwing.

Neffens de bouwer wurdt foar hast alle Vinex-tunen en fersmoarge grûn brûkt. As dat yn Suderbuorren net dúdlik is, moatte der grûnmeunsters nommen wurde. De FNP hat earder sinjalen krigen dat by de kontrôle by de tafier fan grûn nei Suderbuorren net wetterticht wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)