Fragen oer earmerkwegerders

14 feb 2014 - 06:17

Leden fan de PvdA yn de Twadde Keamer wolle fan de steatssiktaris Dijksma fan Ekonomyske Saken witte mei wat foar alternativen dy komme sil foar earmerkwegerders. De fragen komme fan Lutz Jacobi en Sjoera Dikkers. Se wize derop dat sokke alternativen al in tal jierren lyn tasein binne.

Oanlieding foar de fragen is de yn beslach name fan kij fan bioboer Thom de Groot fan Goattum. Ek hy wegeret syn kij earmerken yn te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)