Fragen oer diskriminaasje

09 jan 2013 - 15:49

De PvdA-fraksje yn de gemeenteried fan Ljouwert wol witte oft arbeidsburo's yn de stêd diskriminearje. De fragen fan de partij komme nei oanlieding fan in ûndersyk fan it Sosjaal en Kultureel Planburo. Hjirút docht bliken dat arbeidsburo's lanlik sjoen, autochtoane Nederlanners twa kear faker oan in baan helpe as net-autochtoane minsken.

De PvdA wol no fan it kolleezje witte hoe't de situaasje yn Ljouwert is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)