Fragen oer besuniging by Omrop

03 nov 2012 - 13:50
  • It gebou fan Omrop Fryslân yn Ljouwert

De steatefraksje Friese Koers fynt it net kinnen dat it ryk de subsydzje oan Omrop Fryslân mei 20% weromdraait. Fraksjelieder Hiemstra fynt dat yn striid mei de ôfspraken mei it foarich kabinet en tinkt dat de selsstannichheid fan de Omrop troch de hege koarting yn gefaar komme sil.

Hiemstra freget oan deputearre steaten hokker aksjes sy ûndernimme sille om it ryk op oare gedachten te bringen en oft sy ree binne om de Omrop eventueel ekstra provinsjale subsydzje te jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)