Fragen oer bestelde WK-flaggen

10 jul 2010 - 14:51

De Dokkumer Flaggesintrale hat in soad tillefoantsjes krige oer de bestelde WK-kampioensflagge. Om't pakjesferfierders de flagge besoargje, kin it fabryk net garandearje dat de flaggen op 'e tiid oankomme.

Besocht wurdt flaggen dy't tongersdei besteld binne, sneon oankomme te litten. Letter bestelde flaggen komme pas moandei oan, dus nei de wedstriid fan snein. De flaggesintrale hie dêr al foar warskôge op 'e eigen webside.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)