Fragen oer bertesoarch Dokkum

14 nov 2012 - 11:12
  • Ferloskundige fielt búk swangere frou
  • ferloskundige makket echo by swangere frou

By de ferloskundigepraktyk yn Dokkum komme woansdei in soad fragen oer it sluten fan de bertesoarch yn Sionsberg. Froulju dy't no in bern ferwachtsje, hiene tocht dat se noch wol thús en oars yn it sikehûs yn Dokkum befalle koene. De ôfdieling giet al 17 desimber ticht yn plak fan maaie. Dêrom moatte se nei de sikehuzen yn Drachten of Ljouwert. De ferloskundigen fan de praktyk geane dan mei en bliuwe by de befalling. Der is noch in ekstra ferloskundige nedich om de achterfang te regeljen. De soarch foar en nei de befalling bliuwt yn Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)