Fragen Haskerdiken en Nijbrêge

04 mrt 2013 - 14:23
  • Haskerdiken

De CU en de SP yn de Twadde Keamer wolle dat it beslút om Nijbrêge en Haskerdiken by in gemeentlike werdyndieling by Hearrenfean ûnder te bringen weromdraaid wurdt. As de gemeente Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân opgean yn de gemeente De Fryske Marren falle de twa doarpen dêr net ûnder. Dat ta grutte teloarstelling fan de ynwenners.

De fraksjes fine dat it beslút weromdraaid wurde moat omdat de bewenners net genôch kâns krigen hawwe om har beswieren kenber te meitsjen.

Neist de CU en de SP binne ek oare fraksjes yn de Twadde Keamer kritysk oer it beslút om Nijbrêge en Haskerdiken by Hearrenfean ûnder bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)