Fragen gaswinning yn 2e Keamer

10 mrt 2009 - 13:26

VVD´er Halbe_Zijlstra, oarspronklik fan Easterwâlde, stelt tiisdeitemiddei yn it frage-oerke yn de Twadde Keamer fragen oer de gas- en sâltwinning yn de omkriten fan Frjentsjer.

De VVD is fernuvere dat de winning tastien wurdt, wylst it ûndersyk nei de oarsaak fan de grûnfersakkingen noch net klear is. Zijlstra sil syn fragen stelle oan de minister fan Ekonomyske Saken, frou Van der Hoeven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)