Fragen FNP oer Wimerts

23 des 2010 - 14:37
  • Dizze sleepboat fear it iis by Heech stikken (foto: Bennie Graafsma)

De steatefraksje fan 'e FNP stelt fragen oan deputearre steaten oer de regels foar skipfeart by winterwaar. Oanlieding is it stikken farren fan it iis op de Wimerts by Heech woansdei troch in skipper út Rotterdam.

De FNP wol witte oft de regels tarikkend binne en oft se goed bekend binne by de skippers. De partij fynt dat hjir helderheid oer komme moat. Ek wol de FNP witte ûnder hokker betingsten de provinsje fergunnings jout foar skipfeart mei winterwaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)