Fragen FNP oer megawinkels

22 jul 2006 - 14:26

It tastean fan grutskalige detailhannel op It Hearrenfean is yn striid mei it streekplan fan de provinsje. Dat fynt de FNP.

De provinsje joech ôfrûne wiken tastimming foar de bou fan grutte megawinkels op it terrein by Sportstêd Hearrenfean. Dizze megawinkels meie neffens it streekplan allinnich yn Ljouwert boud wurde. De FNP wol fan Deputearre Steaten wite wêrom't dit beslút dochs naam is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)