Fragen FNP oer brân Twizel

02 jul 2009 - 10:37
  • De FNP makket him soargen oer de gefolgen fan 'e brân by Twizel

De fraksje fan 'e FNP yn 'e gemeenteried fan Achtkarspelen makket him soargen oer de gefolgen fan 'e brân fan moandei yn in tapytwinkel yn Twizel. De FNP wol fan it kolleezje witte oft it wis is dat der by de brân gjin gemyske stoffen frijkaam binne.

De partij freget him ek ôf oft it kolleezje der fan oerstjoege is dat ien en oar net skealik is foar it melkfee. Fierder wol de fraksje witte oft yn de gaten holden wurdt hoe't it giet mei de oerbleaune roetdieltsjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)