Fragen FNP B'him oer ferkear

21 maaie 2010 - 21:02

De FNP fan Boarnsterhim makket him drok oer twa ferkearsûnfeilige plakken yn de gemeente. Neffens de partij wurde de problemen wol ûnderskreaun, mar wurdt der neat oan dien. It giet om de krusing fan De Terp mei de Nije Ljouwerterwei yn Wergea.

Boppedat binne de flauwe bochten by de opritten fan de Palmabrêge ek in grut gefaar. Benammen by glêdens kinne dêr glydzjende auto's op it fytspaad bedarje. De FNP pleitet no foar de pleatsing fan in fangrail.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)