Fragen ferhuzing Fries Museum

28 sep 2006 - 09:34

It Fries Museum foldocht noch hieltyd net oan de betingsten dy't de provinsjale polityk steld hat oan de ferhuzing fan it museum nei it Saailân. Dat stelle de steatefraksjes fan it CDA en de VVD.

De partijen ha dêroer fragen steld oan Deputearre Steaten. De steaten ha 10.500.000 euro tasein foar de ferhuzing. De nijbou komt dan foar rekken fan it museum. It is noch net dúdlik oft dat no regele is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)