Fragen fan VVD oer KH2018

29 jan 2012 - 16:23
  • Kulturele Haadstêd 2018

De VVD stelt it kolleezje fragen oer de Kulturele Haadstêd 2018 nei oanlieding fan it programma Fryslân DOK by Omrop Fryslân snein. De partij wol witte wannear't it kolleezje of de deputearre wist dat Ljouwert de oanfreger wêze moast en net de provinsje.

Neffens foarsitter Siem Jansen fan de stichting KH2018 binne de spulregels al 30 jier gelyk. Hy freget him ôf wêrom't de provinsje net earder foar Ljouwert keazen hat. De VVD wol ek mear witte oer de útspraak fan deputearre De Vries dat de provinsje Ljouwert foarfinansiert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)