Fragen D66 oer tv-rol Nijpels

18 feb 2004 - 00:00

De D66-fraksje yn de Fryske Steaten freget him ôf oft Kommissaris Nijpels wol in tv-programma presintearje mei by RTL5. De fraksje hat dêr skriftlike fragen oer steld oan Deputearre Steaten.

D66 fraksjefoarsitter Sieswerda freget him ôf oft Nijpels syn nije baan yn de media wol kombinearje kin mei syn kommissarisskip. D66 wol boppedat witte oft deputearren ek sokke bybaantsjes hawwe meie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)