Fragen CU/SGP oer NW-tangent

10 jun 2006 - 13:53

De ChristenUnie/SGP yn Provinsjale Steaten wol wite oft de grûn dy't frijkomt by de noardwest-tangent brûkt wurdt foar wâlskanten. Doel is om de oevers dêrmei op te heegjen. Dêroer soe de provinsje ôfspraken makke ha mei it Wetterskip Fryslân.

It is lykwols ûndúdlik oft dy ôfspraak ek neikaam wurdt. Dêrom hat de fraksje CU/SGP fragen steld oan Deputearre Steaten. De noardwest-tangent is de nije dyk tusken Stiens en Marsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)