Fragen CU/SGP oan Ed Nijpels

22 sep 2004 - 11:02

De steatefraksje fan ChristenUnie/SGP ropt opnij kommissaris fan de keninginne Ed Nijpels ta ferantwurding oer útspraken dy't er dien hat yn de Telegraaf. Dêryn sprekt Nijpels syn foarkar út foar in nij polityk stelsel mei 2 of 3 partijen.

Nijpels hat earder meidield dat er de útspraak die as belutsen steatsboarger en VVD-partijlid. De CU/SGP wol no wite wat er wol en net sizze kin as gasthear op it steatejacht fan de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)