Fragen CU oer sluten Wyldemerk

30 mrt 2011 - 09:21

De provinsjale steatefraksje fan de ChristenUnie yn Fryslân is teloarsteld oer de driigjende sluting fan de Wyldemerk yn Harich. De fraksje wol fan deputearre steaten witte of de provinsje noch in rol spylje kin yn it behâld fan de Wyldemerk.

De leef- en learmienskip yn Harich biedt jongeren dy't fêstrûn binne yn it reguliere ûnderwiis in mooglikheid om dochs noch in diploma te heljen. De CU is benaud foar de takomst fan dizze jongeren at de Wyldemerk ticht giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)