Frachtweinsjauffeurs mije massaal rûte oer Calais

20 aug 2015 - 20:26

Transportbedriuw De Vries fan Hallum hat bot lêst fan it tanimmend oantal sjauffeurs dat Calais mijt en fia Europoort en Hoek van Holland nei Ingelân rydt. De Vries hat dêr jierren lyn al foar keazen fanwege it probleem mei de flechtlingen dy't by Calais besykje yn de frachtweinen te krûpen.

No't ek oare transportbedriuwen foar de oare rûte kieze, rinne de wachttiden by de boaten op. Om dochs in plakje te krijen, moat De Vries in wike yn it foar boeke.

Dan noch bart it dat der gjin plak is en sjauffeurs in dei wachtsje moatte foardat se mei kinne. Dat betsjut in fikse skeapost foar De Vries.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)