Frachtweinsjauffeurs deilis

08 apr 2008 - 10:15

In 42-jierrige frachtweinsjauffeur út Surhústerfean is moandei ferwûne rekke by in rûzje mei in oare sjauffeur. De manlju woene tagelyk it losplak fan in bedriuw yn Nijehaske opride en krigen dêr spul oer.

De oare sjauffeur, in 54-jierrige man út Surhústerfean, mishannele dêrby de 42-jierrige sjauffeur. Dy is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs fan It Hearrenfean. De plysje ûndersiket it foarfal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)