Frachtweinsjauffeur oanriden

15 maaie 2014 - 12:20
  • Ambulânse

In 25-jierrige frachtweinchauffeur fan It Hearrenfean is woansdeitemiddei yn it Grinslanner Haren ferwûne rekke by in oanriding. De man hie op de Tsjerkeleane syn lading lost en stie neist syn frachtwein doe't hy troch in auto oanriden waard. De bestjoerder naaide út.

It giet om in reade auto, mooglik in Volvo, mei in buordsje op it dak. It slachtoffer moast nei it sikehûs. De plysje is noch op syk nei de bestjoerder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)