Frachtweinen negearje ferbod

30 des 2013 - 19:14
  • Sa hat it 60 jier west

Frachtweinsjofeurs negearje hieltyd faker it ferbod en ride dochts oer de stasjonsbrêge yn Frjentsjer. Dat is ferbean, omdat de brêge 'op' is. Dy kin it gewicht fan dy swiere weinen net mear ferdrage. De plysje kontroleart sa no en dan en skriuwt sels bonnen út, mar dat docht gjin fertuten, sizze omwenners. Neffens boargemaster Veenstra is der noch gjin sprake fan in gefaarlike situaasje en fierder hâldt de plysje de saak yn de gaten.

Oer in healjier begjint de bou fan de nije brêge dy't yn 2015 klear wêze moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)