Frachtweinen en bussen meie wer oer Drachtsterbrêge ride

14 jan 2016 - 15:29
  • In ekstra ferkearsboerd ynformearre de frachtweinsjauffeurs op de Aldlânsdyk

Frachtweinen en bussen meie sûnt tongersdeitemiddei wer oer de Drachtsterbrêge yn Ljouwert ride. Woansdeitemoarn stelden Rykswettersteat en de gemeente it ferbod yn, neidat der in fersakking fûn wie yn de brêge. Dy kaam oan it ljocht by it leechpompen fan de bouput fan it nije akwadukt, ûnder de brêge.

Ut ûndersyk hat no bliken dien dat it om in fersakking fan inkelde milimeters giet. Dizze is sûnt justermoarn net slimmer wurden. Dêrom is frachtferkear wer tastien oer de brêge.

Wol hâlde de ynstânsjes de brêge jûn en moarnier yn de spits ekstra yn 'e gaten. As de fersakking al grutter wurdt, wurde der wer maatregels naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)