Frachtwein yn de berm troch oerstekkende reeën

06 jan 2015 - 08:53

In frachtwein is tiisdeitemoarn betiid yn de berm bedarre omdat de sjauffeur útwike moast foar trije reeën. De frachtwein ried op de Ugoleane yn Boalsert doe't de reeën de dyk oerstutsen. De sjauffeur koe de bisten ûntwike, mar koe net foarkomme dat syn frachtwein yn de berm telâne kaam.

In takelbedriuw moast der oan te pas komme om de wein út de berm te takeljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)