Frachtwein te breed

16 des 2011 - 20:20

In frachtweinsjauffeur is tongersdei de fout yngien mei syn transport. In motoragint hâlde de wein oan op de Swynswei yn Nij Beets. It die bliken dat de stielkonstruksje op de oplizzer breder wie as de tastiene 4 meter en 55 sintimeter. Der wie fierder gjin ûntheffing fan de gemeente, gjin swaailjochten en ek gjin markearing foar it transport. De sjauffeur krige in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)