Frachtwein rekket fan de dyk by Hantum

02 des 2015 - 15:11

Op de Dokkumerwei tusken Dokkum en Hantum is woansdeitemiddei om in oere as twa in frachtwein fan de dyk rekke. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke de sjauffeur mei syn kombinaasje yn de berm. Dêr koe er de auto ta stilstân bringe. Wol rekke de dyk en it fytspaad ûnder in flinke laach modder. In sleepbedriuw besiket de frachtwein wer út de wiete berm te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)