Frachtwein om yn Ljouwert

20 nov 2001 - 00:00

In frachtwein mei 30 ton GFT ôffal is tiisdeitemoarn kantele op de Pieter Stuyvesantwei yn Ljouwert. De sjauffeur fan de frachtauto kaam mei de skrik frij. It GFT-ôffal wie ûnderweis nei de ferwurking yn Wijster.

Mei in teleskoopkraan is it gefaarte tiisdeitemiddei wer op tsjillen set. De Pieter Stuyvesantwei hat in grut part fan de dei ôfset west foar it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)