Frachtwein mei molke út sleat lutsen

26 jan 2015 - 20:36
  • De frachtwein waard mei in kraan út de sleat lutsen
  • De molke moast oerpompt wurde nei in oare molkwein

De frachtwein fol mei molke dy't moandeitemoarn op de Westergoawei by Deinum fan de dyk rekke, is wer út de sleat. Oan de ein fan de middei waard er mei in kraan op de kant lutsen. Om't in diel fan de molke yn de sleat rûn, hat Wetterskip Fryslân oan beide kanten fan de frachtwein in daam fan sân makke. It fersmoarge wetter sil út de sleat wei pompt wurde. De dyk is krekt foar acht oere jûns wer frijjûn.

Foar't de frachtwein út de sleat lutsen wurde koe, moast de molke earst oerpompt wurde yn in oare frachtwein fan FrieslandCampina.

De 64-jierrige sjauffeur út Ruinerwold rekke by it ûngelok swier ferwûne. Hy is nei it UMCG yn Grins brocht. Oer de tastân fan de man kin de plysje neat sizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)