Frachtwein mei hout oer de kop

06 jun 2011 - 15:27

Op de Wâldwei by Warten is fan 'e middei in frachtwein mei 20 ton hout oer de kop slein. De frachtwein kaam fan de Fonejachtbrêge en soe nei Ljouwert. Krekt nei de brêge begûn de oanhinger te slingerjen en rekke er yn de berm. De trailer rekke dêrnei de fangrail.

By it ûngelok is net ien ferwûne rekke. De dyk waard ôfsletten om de frachtauto te bergjen. Mooglik moat de dyk letter nochris ticht, om it hout fuort te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)