Frachtwein klem ûnder fiadukt

29 jun 2007 - 10:44

Tongersdeitemoarn is in frachtwein klem kaam te sitten ûnder in fiadukt op it Hearrenfean. De frachtwein fan 3,80 meter heech kaam klem te sitten ûnder it fiadukt fan 3,30 meter heech.

De sjauffuer út Tynaarlo wie krekt earder ûnder de peal fan 3.30 trochriden, hy hie dy rekke, mar wie him dêr net fan bewust. Dêrom ride hy troch en kaam klem te sitten ûnder it fiadukt. Dêrtroch is it fiadukt en de frachtwein flink beskeadige rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)