Frachtwein kantelt by Marrum

19 jul 2006 - 09:56

In oanriding tusken in persoaneauto en in frachtwein hat tiisdeitemiddei by Marrum foar in oerenlange stremming soarge. De bestjoerder fan de persoaneauto soe in blackout hân ha en is tsjin de frachtauto oanriden. De frachtweinsjauffeur ferlear dêrby de macht oer it stjoer. De wein kantele en kaam yn de tún fan oanwenners fan de dyk terjochte.

De sjauffeur is foar kontrôle nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)