Frachtwein kantele op fytspaad Stienwikerwei by De Blesse

13 okt 2015 - 09:58
  • De kantele frachtwein tusken Wolvegea en De Blesse

Op de Stienwikerwei tusken Wolvegea en De Blesse is tiisdeitemoarn betiid in frachtwein mei feefoer kantele. De kombinaasje kaam op de kant te lizzen en blokkearre it fytspaad njonken de dyk folslein.

De oplader moast earst lege wurde foardat de kombinaasje fuorthelle wurde koe. Fytspaad mar ek de autodyk hawwe beide oerenlang ôfsletten west foar al it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)