Frachtwein kantele op 'e A7

29 maaie 2010 - 12:44
  • De frachtweinkombinaasje njonken de oprit (foto: Tino Broekstra/112 Nederlân)

By Drachten is freed op de ôfrit fan de A7 nei Grins in frachtwein mei in swiere asfaltmasine kantele. De 49-jierrige sjauffeur út Scharmer hie troch de skerpe bocht de kontrôle oer de frachtwein ferlern.

De man koe sels út de kabine komme en rekke net ferwûne. It ferkear koe earst oer de flechtstrook trochride. Mar yn ferbân mei de berchwurksumheden hat de ôfrit wol de hiele jûn ôfsletten west. It ferkear is omlaat oer it yndustryterrein fan de A7.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)