Frachtwein kantele by Feanwâlden

04 jan 2007 - 10:10

By Feanwâlden is tongersdeitemoarn in frachtauto kantele. De auto wie mei de tsjellen yn 'e bjirm telâne kommen. Foar safier bekend is de sjauffeur net ferwûne.

Foar it fuortslepen fan de wein is de dyk tusken de rotonde by De Westerein en it treinstasjon by Feanwâlden in skoftke ôfset. Ferkear moat troch it sintrum fan Feanwâlden. Dêrnei kin it ferkear der wer gewoan delride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)