Frachtwein feroarsaket ûngelok op A7

14 aug 2015 - 20:18

Op de A7 by Tsjalbert hat in frachtwein oan 'e ein fan 'e middei in kettingbotsing feroarsake. Dy stie troch noch ûnbekende oarsaak stil op de linkerrydbaan, yn de rjochting fan Drachten. Dêrtroch botsten fjouwer auto's op de frachtwein. Twa ambulânses wiene gau te plak, mar der binne gjin minsken ferwûne rekke. Troch it ûngelok hat de linkerbaan in skoftke ôfsletten west foar it ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)