Frachtwein ferliest lading mar rydt troch op A7

24 mrt 2016 - 15:14

Op de A7 by Tsjalbert hat in frachtauto tongersdeitemiddei in part fan syn lading ferlern. It giet om stikken fan in prefab hûs. De sjauffeur is trochriden, mooglik hat er der neat fan fernaam.

De dyk is foar in part ôfsetten, it ferkear kin mar oer ien rydstrook. Dat soarget foar opûnthâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)