Frachtwein ferliest lading

16 okt 2007 - 09:50

Tsien auto's ha moandeitejûn op de A7 by Terwispel skea oprûn omdat der metalen buizen op de dyk leine. In frachtauto hie se ferlern. De buizen leine ferspraat oer in lingte fan 15 kilometer. De auto's rûnen foaral lekker bannen op.

De frachtautosjaufeur hat wol even stilstien, mar is dêrnei trochriden. De plysje siket noch om de sjaufeur en ek om tsjûgen. It giet om in reade frachtauto.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)