Frachtwein ferliest lading

22 sep 2006 - 17:25

By it klaverblêd fan It Hearrenfean binne freed stielen boumaterialen op 'e dyk telâne kaam by in ûngelok. Dat barde yn 'e bocht by de oprit nei De Jouwer. It is noch net dúdlik oft de sjauffeur te hurd riden hat. De man kaam yn alle gefal mei de skrik frij.

Neffens de plysje hie it allegearre wol folle minder ôfrinne kind. It oprêden fan de boumaterialen hat in tal oeren duorre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)