Frachtwein ferliest dakpannen

26 feb 2007 - 14:24
  • In bulldozer moast de dakpannen oprêde
  • .. en hjir foelen se fan ôf

De A32 by Hearrenfean, yn de rjochting fan Ljouwert, hat moandeitemoarn in pear oeren ôfsletten west foar ferkear. Om kertier foar njoggenen ferlear in frachtwein in part fan sddyn lading dakpannen.

De pannen leine ferspraat oer de hele dyk. Ien oare auto is beskeadige rekke, mar der is net ien ferwûne rekke. It ferkear is fia de út- en oprit omlaad. Dat hie in file fan twa kilometer ta gefolch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)