Frachtwein botst op stilsteande auto op de A6

19 aug 2015 - 16:17

Op de A6 by Sint Nyk is woansdeitemiddei in frachtauto op in stilsteande auto riden. Dy stie te wachtsjen foar de iepensteande brêge. De auto botste dêrnei op de auto foar him. Yn totaal rekken fiif auto's beskeadige. Twa minsken rekken dêrby ferwûne. Dy binne mei klachten oan de nekke nei it sikehûs brocht.

De frachtwein waard bestjoerd troch in 21-jierrige man út Zoetermeer. De dyk hat in skoft ticht west foar it ferkear.

Koartlyn ried foar deselde brêge in frou achter op in wachtsjende auto. Sy rekke wol ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)