Frachtskip ramt fakânsjehúske

27 jul 2007 - 06:32
  • De Victus mei de kop op 'e wâl (foto: Bonne Bruinsma)
  • De boat achterop it hûs

By Grou hat in leech frachtskip fan 105 meter lang freedtemoarn in houten fakânsjehúske op 'e wâl oanfearn. Dat wie by De Burd by Camping De Burd. De earste melding kaam eefkes nei healwei fiven. Yn it hús sliepte in húshâlding mei twa bern. Gjinien rekke ferwûne.

De Victus leit mei de punt 10 meter de wâl op en der binne sa't it liket gjin gefaarlike stoffen frijkommen by de oanfarring. It skip wie op it Prinses Margrietkanaal út de koers rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)