Frachtskip doopt yn Sumar

18 jan 2003 - 00:00

In frachtskip fan 110 meter foar de binnenskipperij wurdt sneon doopt by bouwer Damen Shipyards Burgum, yn Sumar. It skip, de m.s. Conforza wurdt dan fuortdalik oan de opdrachtjouwer oerdroegen, it bedriuw Conforza út Swol

It frachtskip sil de grutte rivieren befarre mei droege lading, lykas stienkoal. By Damen is yntusken út ein set mei de bou fan krekt sa'n boat foar Nederlânske opdrachtjouwers. Dat skip moat fan 't simmer klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)