Frachtskip boppe Skylge fergien

25 jan 2003 - 00:00

Santich kilometer foar de kust fan Skylge is sneon it Nederlânske frachtskip Assi Eurolink sonken. Dat barde nei in oanfarring mei in Sweedske frachtboat. De sechtjin bemanningsleden koene allegear fan board helle wurde. De rêdingsboaten fan Flylân en Skylge hawwe dêrby assistinsje ferliend.

De Eurolink leit op in djipte fan 30 oant 35 meter midden yn in belangrike farrûte. De Skylger rêdingsboat Arie Visser wiist skippen op it wrak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)