Frachtprizen histoarysk leech

22 aug 2013 - 12:23
  • Frachtauto's

It giet net goed mei de transportsektor. It ferfiersoanbod wie it ôfrûne fearnsjier better as yn it earste kwartaal, mar de frachtprizen binne sa leech dat de measte bedriuwen net of mar kwalik winst meitsje. Neffens regiodirekteur Leo Hoogenberg fan Transport & Logistyk Noard yn Drachten is it fan libbensbelang dat de kosten foar de bedriuwen de kommende tiid net fierder omheechgean.

Hoogenberg sjocht ek ljochtpuntsjes, want it ôfrûne fearnsjier binne wer mear minsken mei in transportûndernimming begûn.

It tal starters groeide yn it twadde fearnsjier mei sawat 20 persint. It giet foar it grutste part om lytsskalige ferfiersbedriuwen, dy't derop rekkenje dat de merk wol wer oanlûke sil. It makket foar de ferfiersbedriuwen wol út yn hokker sektor oft se aktyf binne. Ferfierders dy't aktyf binne foar de iten- en drinkensektor hawwe minder problemen as ferfierders yn de bousektor.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)