Frachtferkear krijt foardiel

16 apr 2009 - 09:59

Frachtferkear op it Drachtsterplein yn Ljouwert krijt faker en langer grien ljocht nei de grutte ferbouwing dy't oer twa jier begjint. Dat waard dúdlik no't alle reaksjes op de grutte ferbouwplannen bekend binne.

Oer twa jier nimt in akwadukt it plak yn fan de Drachsterbrêge. It plein sels komt heger te lizzen, mei tunnels foar fytsers. Fan ûndernimmers kaam krityk op de effektiviteit fan de maatregels. Dêrom sille stopljochten it frachtferkear foardiel jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)